tydskrift linkk

 

klik hjir foar de linkk-webside

Jongeren yn de leeftyd 12, 13 en 14 jier hawwe sûnt it skoaljier 2000-2001 de beskikking oer in eigen tydskrift: LinKk.

It is in folslein Frysktalich tydskrift dat seis kear yn it jier ferskynt. It kin as selsstannich blêd lêzen wurde mar kin ek brûkt wurde by guon fakken op skoalle, lykas Frysk.

As ekstra wurdt alle kearen fergees in kopiearset mei ferwurkingsmateriaal meilevere. Ek is der in spesjaal katern foar net-Frysktalige learlingen.

Sawol it tydskrift, it televyzjeprogramma as de metoade FReemwurk hawwe deselde tema's. LinKk is dêrom in goede yntroduksje op it tema en it haadstik fan de metoade FReemwurk.

LinKk slút oan op dat wat spilet by de jongeren en fansels is der romte foar de eigen ynbring fan de lêzers!

De abonnemintspriis is € 15,00.

Foar kollektive abonneminten jilde de folgjende tariven:

2 o/m 5: € 13,00 it abonnemint
6 o/m 10: € 12,00 it abonnemint
11 o/m 15: € 11,00 it abonnemint
16 o/m 20: € 10,00 it abonnemint
21 en mear: € 9,00 it abonnemint

Opsizzen fan abonneminten fóár 1 july fan it rinnende abonnemintsjier.

De LinKk-programma’s binne ek op DVD te krijen. Foar € 4,- per kear stjoere wy 'm deis nei de útsjoering ta. In abonnemint kostet € 24,- yn it jier.


Abonnemint?!
Freegje fergees in pear sichteksimplaren oan by Taalsintrum Frysk. Till. 0880 200 300 of stjoer in e-mail nei Dit emailadres is beveiligd tegen spambots, u heeft javascript nodig om het te kunnen bekijken .

linkk.jpg
-