de trijetalige skoalle

 

3ts_6b.jpg

Klik hjir foar de twatalige brosjuere (PDF 0,7MB)

Klik hier voor de tweetalige brochure (PDF 0,7MB)

 

Yn it skoallejier 1997/1998 is it projekt Trijetalige Skoalle fan start gien.


Neffens in ûntwikkelingsmodel waard yn 'e ûnderbou begûn mei in dúdlike fiertaalskieding en it organisearjen fan in meartalige learomjouwing. Frysk en Nederlânsk funksjonearren tenei lykweardich oan elkoar as ynstruksjetaal yn allerhande taallearsitewaasjes. Learkrêften waarden har mear bewust fan harren foarbyldfunksje op it mêd fan taal. Bern krigen mear each foar it bestean en de funksje fan ferskillende talen. Bern begûnen alerter te wurden op taal. Learkrêften hienen sawol nei it Frysk as nei it Nederlânsk ta hege taalferwachtings fan harren bern.

 

Yn acht jier tiid waard dizze struktuer troch de hiele skoalle hinne trochfierd. Frysk en Nederlânsk waarden net samar mear as fiertaal brûkt, ôfhinklik fan‘ e learkrêft of de learling. De learkrêft wie it taalfoarbyld. Neist it Nederlânsk en it Frysk krige ek it Ingelsk fanôf groep 6, 7 en 8 ien of meardere deidielen de funksje fan fiertaal. Sa wie de taalferhâlding yn ‘e boppebou 40% Nederlânsk, 40% Frysk en 20% Ingelsk.

 

Ek al waard it Nederlânsk op dizze skoallen dus minder as fiertaal brûkt, dochs hat wittenskiplik ûndersyk útwiisd dat de resultaten foar it Nederlânsk net achter bleauwen by skoallen dy't allinnich Nederlânsk as fiertaal brûke.

De resultaten foar it Nederlânsk op de Trijetalige Skoallen wienen foarútgien nei it lannelik gemiddelde. De resultaten foar it Frysk wienen dúdlik better op ‘e Trijetalige Skoallen. Ek it Ingelsk hat foardiel hân fan dizze oanpak, mar faaks is hjir noch wol mear út te heljen (ûndersyk troch Fryske Akademy, Bernadet de Jager, 2006).

 

Om koart te gean: It projekt de Trijetalige Skoalle hat winst opsmiten foar alle trije talen.

 

Dêrom woenen de projektskoallen graach fierder yn in Netwurk fan Trijetalige Skoallen. Anno 2011 bestiet it netwurk Trijetalige Skoalle út 41 skoallen. 

 

 

3ts_1.jpg

Netwurk Trijetalige Skoallen (Netwurk 3TS)
Fanôf it kursusjier 2006-2007 is it Netwurk Trijetalige Skoallen fan start gien.
Dit Netwurk is in gearwurkingsferbân fan skoallen dy't har ynsette wolle foar, en profilearje wolle mei, meartalich ûnderwiis.

 

Fanút har ferantwurdlikheid foar goed ûnderwiis en de spesjale ferantwurdlikheid foar de Fryske taal, ynvestearret de Provinsje Fryslân de kommende jierren fiks yn dit Netwurk fan Trijetalige Skoallen mei ekstra fasiliteiten op it mêd fan begelieding, bystúdzje, ûndersyk en profilearring.


De moderne taalskoalle yn Fryslân is in Trijetalige Skoalle (3TS).

 

 

Nije skoallen kinne oanheakje !
Fanôf septimber 2006 is it mooglik foar skoallen om oan te heakjen by it Netwurk 3TS.
It Netwurk 3TS jout de romte om ôf te wiken fan ‘e fiertaalferhâlding 40%-40%-20%.
It Netwurk 3TS jout wol in ûndergrins oan dêr’t de skoallen dy’t meidwaan wolle oan it netwurk de kommende jierren nei tawurkje moatte.
Wat de ûnderbou oanbelanget bliuwt de fiertaalferhâlding:
groep 1,2: 50% Nederlânsk, 50% Frysk (10% ôfwiking mooglik). Fanôf groep 3 jildt: fjouwer dagen Nederlânsk en ien dei Frysk (of twa middeis), fanôf groep 5/6 tariedend Ingelsk en fanôf groep 7 ien middei Ingelsk as fiertaal.
In hiel soad skoallen binne al ûnderweis nei boppesteande fiertaaldoelen en kinne dan ek sa oanslute by it nije netwurk.

 

 

 

Wat kin it Netwurk 3TS foar jim skoalle betsjutte?

• Skoalspesifike begelieding by fragen op it mêd fan taalûntwikkeling, meartalich taalbelied
• Begelieding by it opstellen fan in yntegraal taalbeliedsplan
• Ûnderbouwing fan jim taalbelied neffens de rjochtlinen Frysk fan ‘e ûnderwiisynspeksje
• Twa kear jiers in ynspirearjende middei mei praktykútwikseling en in taaltema
• De mooglikheid om mei te draaien yn ‘e ynterfisygroepen fan taalkoördinatoaren
• Keppeling oan in sertifisearre Trijetalige Skoalle
• 80% koarting op kosten Stoomkursus Frysk Skriuwen foar learkrêften (iene jier)
• 80% koarting op kursuskosten Classroom English foar learkrêften TTSkoallen (oare jier)
• Begelieding by it oanlûken fan in Ingelsktalige taalassistint (native speaker)
• In twajierlikse ynspirearjende reis mei kollega’s fan oare TTSkoallen nei Wales (Eur. Platf.)
• Bemiddeling by in ynternasjonale diplomearring foar Ingelsk yn ‘e boppebou
• Eventueel begelieding by Ingelsk fanôf groep 1
• Minimaal deselde einresultaten foar it Nederlânsk, wierskynlik bettere(!)
• Signifikant bettere resultaten foar it Frysk
• Bettere resultaten foar it Ingelsk
• Profilearring as: TAALSKOALLE; nei sertifisearring: TRIJETALIGE SKOALLE (mei buordsje!)
• Nei sertifisearring in startpremy fan € 2000,= foar spesifike profilearring
• Nei twajierlikse fisitaasje in ferfolchpremy fan € 1000,=
• Positive p.r. as foarbyldskoalle foar aspirantskoallen yn it Netwurk

 

 

 

Hoe wurdt jim skoalle in Trijetalige Skoalle?
Skoallen dy't meidogge oan it Netwurk 3TS wurkje de kommende 2 jier ta nei de folgjende doelen:

3ts_4b.jpg

 

  1. It ûnderwiisoanbod is, yn oerienstimming mei de kearndoelen foar Nederlânsk, Ingelsk en Frysk, omskreaun yn in yntegraal taalbeliedsplan

  2. De trije talen wurde as fak ûnderwiisd en funksjonearje as fiertaal. Dêrby jilde de folgjende minimale ferhâldings:
    - groep 1, 2: 50% Frysk as fiertaal, 50 % Nederlânsk as fiertaal (10% ôfwiking mooglik)
    - fanôf groep 3: minimaal twa deidielen Frysk as fiertaal
    - fanôf groep 7 minimaal 1 deidiel Ingelsk as fiertaal

  3. Binnen de organisaasje funksjonearje it Nederlânsk en it Frysk mûnling en skriftlik yn ‘e ynterne en eksterne kommunikaasje (skoallekrante, nijsbrief, administraasje ensfh.)

  4. De skoalle hat in twatalige / dûbeldtalige skoallegids

  5. Foar de skoallekrante wurdt likernôch de helte oan bydragen oanlevere yn it Frysk, de oare helte yn it Nederlânsk, en in part learlingewurk fan ‘e boppebou yn it Ingelsk

  6. De trije talen Nederlânsk, Frysk en Ingelsk binne sichtber makke yn in meartalige learomjouwing (leslokalen, gongen, ensfh.)

  7. Groep 7,8 docht mei oan it Lyts Frysk Diktee en it Frysk skoaleksamen op nivo B

  8. Groep 6,7,8 docht mei oan it Anglia eksamen (ynternasjonaal eksamen Ingelsk)

  9. De skoallen skoare gemiddeld/boppegemiddeld foar Nederlânske taal

  10. De skoallen skoare gemiddeld/boppegemiddeld foar Fryske taal

  11. De skoallen skoare gemiddeld/boppegemiddeld foar Ingelske taal

  12. De skoallen litte har ynspirearje op jierlikse stúdzjemiddeis fan it Netwurk

  13. Guon leden fan it team folgje de bystúdzjekursus foar Frysk en Ingelsk

  14. Guon personielsleden bringe in besite oan in meartalige skoalle yn in minderheidstaalgebiet

  15. 80% fan ‘e bern yn groep 8 hat de staveringsline Frysk fan Studio F trochwurke

 

 

Sertifisearring / fisitaasje
Om it predikaat 3TS te fertsjinjen, moatte skoallen, nei in ynwurkperioade fan sa'n twa jier, oan 10 fan ‘e 15 doelen foldwaan. De doelstellings 1, 2 en 3 binne ferplichte kost.
Skoallen krije dan € 2000,= , it buordsje 3TS en wurde nei 2 jier op'e nij fisitearre. Om it predikaat en it buordjse hâlde te kinnen moat oer twa jier oan alle 15 doelen foldien wurde. Nei in positive fisitaasje ûntfangt in skoalle € 1000,=.

 

3ts_3.jpg

Ûnderwerpen foar stúdzjedagen:

• Ûnderwerpen foar stúdzjedagen: Mooglikheden Ingelsk yn de ûnderbou
• In besite oan in ynternasjonale skoalle
• De taalrike learomjouwing yn ‘e ferskillende bougroepen
• Wurkje mei de nije metoade Studio F
• Wurdskatûntwikkeling: Hoe passe wy it Frysk derby yn?
• E-mailprojekt yn it Frysk en/of it Ingelsk
• Alle mooglike ûnderwerpen dy't de skoallen sels ynbringe

 

Wat freget dit fan jim skoalle, jim team?

• belutsenheid fan learkrêften, direksje, M.R. en B.M. by it ûntwikkelingstrajekt 3TS
• dúdlike ynformaasje nei de âlders ta, bgl. troch in âlderjûn en de skoallegids
• binnen twa jier in taalbeliedsplan mei dêryn ek de meartalichheid omskreaun
• ree wêze gebrûk te meitsjen fan ‘e foardielige bystúdzjemooglikheden foar learkrêften
• ree wêze gebrûk te meitsje fan gratis advisearring en coaching troch de ûnderwiisadviseur
• brede ynset foar de taalûntwikkeling yn it algemien en de meartalichheid yn it bysûnder

 

 

Tiidynvestearring:

foar teamleden:

-    2 kear jiers in ynhâldlike gearkomste op Netwurknivo
-    in fertsjintwurdiger yn ‘e stjoergroep 3TS
-    skoallespesifike begelieding (ôfstimd op ferlet fan ‘e skoalle)
-    bystúdzjemooglikheden (ôfstimd op ferlet fan ‘e learkrêft):

-    it iene jier:    Frysk:    Wy tinke oan: in lang wykein
-    it oare jier:    Ingelsk: 10 kear twa oeren

 

Foar skoallen dy't al dwaande binne om har yn dizze rjochting te ûntwikkeljen, biedt it Netwurk 3TS prachtige kânsen foar trochûntwikkeling. Hat jim skoalle belangstelling? Wachtsje net te lang.

 

Twatalige brosjuere oer De Trijetalige Skoalle
In kleurige, rojaal yllustrearre Frysk-Nederlânske brosjuere mei ynformaasje oer de Trijetalige Skoalle.

3ts_5.jpg

 

Mear ynformaasje by:

Dit emailadres is beveiligd tegen spambots, u heeft javascript nodig om het te kunnen bekijken , ûnderwiisadviseur

Dit emailadres is beveiligd tegen spambots, u heeft javascript nodig om het te kunnen bekijken , ûnderwiisadviseur

 

-