|
oplieding taalkoördinator
|
|
|
|
|
Taakferdieling binnen de skoallen wurdt hieltyd wichtiger en past binnen it yntegraal personielsbelied. Yn dat ramt ûntstiene de post-HBO opliedings foar takomstige middenmanagers.
De oplieding foar taalkoördinator is in sertifisearre oplieding dy’t troch in lannelike wurkgroep ûntwikkele is en troch ferskillende hegeskoallen op likernôch deselde wize oanbean wurdt. De oplieding is yn Fryslân ôfstimd op de meartalige sitewaasje en wurdt troch de beide hegeskoallen oanbean.
Taalsintrum Frysk partisipearret yn ‘e oplieding as deskundige ynstânsje op it mêd fan meartalich ûnderwiis. In learline Frysk as yntegraal ûnderdiel fan it Taalbeliedsplan is ûnmisber foar deechlik taalbelied. Taalkoördinators kinne foar fierdere begelieding op de eigen skoalle in berop dwaan op de ûnderwiisadviseurs fan Taalsintrum Frysk.
Troch subsydzje fan ‘e provinsje kin dizze begelieding fergees (gratis!) oanbean wurde.
|
|
|
|
|