taalbeliedsplan

 

Fryslân is in meartalige provinsje. De mearderheid fan ‘e wrâldbefolking groeit op, libbet en wurket yn in meartalige kontekst. Sa ûntwikkelje ek Fryske bern har yn in meartalige omjouwing. De Fryske taal funksjonearret yn dizze provinsje as twadde rykstaal njonken it Nederlânsk en guon streek- / buerttalen.

 

In meartalige begjinsitewaasje is in prima útgongspunt foar in brede taalûntwikkeling. Skoallen yn Fryslân kinne, folle mear as oant no ta, har foardiel dwaan mei dy meartalige start. It is dan wol saak om alle ynspannings op it mêd fan taalûnderwiis sa goed mooglik op elkoar ôf te stimmen. Optimale taalûntwikkeling freget om belied: TAALBELIED.

 

primer.jpg

 

In taalbeliedsplan is in strukturele en strategyske oanset om de deistige skoallepraktyk yn in meartalige omjouwing oan te passen. Benammen om oan te sluten by it taallearferlet fan ‘e learlingen. En mei it doel de ûnderwiisresultaten fan dy learlingen te ferbetterjen.

 

Yn it taalbeliedsplan kinne skoallen har fisy op taalûnderwiis en meartalichheid omskriuwe. Hja meitsje ôfspraken oer de rol fan taal/talen by oare fakken. Hja jouwe oan hokfoar metoaden/ materialen yn ‘e groepen brûkt wurde, hoe’t der synjalearre en diagnostisearre wurdt en wat de toetsresultaten binne. Ek jouwe hja oan hoe’t hja foar de ferskillende talen (Nederlânsk, Frysk en Ingelsk) systematysk tawurkje nei it berikken fan ‘e kearndoelen.

 

In taalbeliedsplan rjochtet him benammen op it ferbetterjen fan ‘e organisaasje en de ynhâld fan it taalûnderwiis op skoallen yn meartalich Fryslân, sawol op skoalle- as ek op boppeskoalsk nivo.

 

It wurkjen oan taalbelied hâldt konkreet yn: it fêststellen fan ‘e begjinsitewaasje fan ‘e skoalle, it oanjaan fan ferbetterpunten, it organisearjen fan ferbettertrajekten, it evaluearjen en bewekjen fan ‘e resultaten.

 

CEDIN hat it taalanalyse-ynstrumint “Taalspiegel / Taalspegel” ûntwikkele, as startaktiviteit foar it hiele skoalleteam op wei nei in taalbeliedsplan. De Taalspegel jout in spegelbyld fan ‘e taallearsitewaasje yn’e eigen groep en op skoallenivo. Dat spegelbyld fungearret as ynhâldlik diskusjestik oer taalûnderwiis en as opstap nei mooglike ferbetterpunten op persoanlik en skoallenivo.

 

De taalûnderwiisadviseurs fan CEDIN begeliede skoallen by it ûntwikkeltrajekt fan Taalspegel nei Taalbeliedsplan. Yn dit trajekt wurdt de spesifike begelieding foar it aspekt meartaligens fergees oanbean troch Taalsintrum Frysk.

 

Kontaktpersoan: Eelke Goodijk Dit emailadres is beveiligd tegen spambots, u heeft javascript nodig om het te kunnen bekijken