Primêr ûnderwiis

witwatlogo_lyts.jpg

begelieding

 

studiof_logo_lyts.jpg

De ûnderwiisadviseurs fan Taalsintrum Frysk begeliede skoalleteams by it realisearjen fan yntegraal taalbelied, wêrby it plak fan ‘e Fryske taal neist it Nederlânsk, it Ingelsk en /of de streek- / buerttaal beredenearre wurdt.

 

Undersyk wiist út dat meartaligens in stimulearjende ynfloed hawwe kin op û.o. de taalûntwikkeling fan bern as dêr op in ferantwurde wize mei omgien wurdt.

 

Krekt bern yn ‘e leeftiid fan 0 – 8 jier binne hiel taalgefoelich en hjir moat adekwaat op ynspile wurde.

Oan de skoallen de útdaging om yn it ramt fan it taalbeliedsplan goede ôfspraken te meitsjen oer it omgean mei meartaligens en it ynsetten fan gaadlike learmiddels.

Begelieding fanút Taalsintrum Frysk kin fergees (gratis!) oanbean wurde, troch subsydzje
fan Provinsje Fryslân, it Ministerie van OC & W en de Europeeske Kommisje.

De ûnderwiisadviseurs fan Taalsintrum Frysk steane graach foar jo klear.
In meartalige start is in prima útgongspunt foar in meartalige takomst.

 

 

 

 

 

De ûnderwiisadviseurs primêr ûnderwiis binne:

 

Douwe Kootstra

- koördinator 'De Trijetalige Skoalle'

- einredakteur tydskrift Tsjek

Dit emailadres is beveiligd tegen spambots, u heeft javascript nodig om het te kunnen bekijken tel. 0880 200 300

 

Eelke Goodijk

- koördinator Frysk yn 't primêr ûnderwiis

- koördinator taalbeliedsplan meartaligens

Dit emailadres is beveiligd tegen spambots, u heeft javascript nodig om het te kunnen bekijken tel. 0880 200 300

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

mear oer tf yn it primêr ûnderwiis:

 

→ tydskrift tsjek
→ bernesjongfestival

→ fers
→ berneboekesjuery

→ de trijetalige skoalle
→ skoalradio en -tv
→ studio f
→ witwat

- - - -
 

oplieding  taalkoördinator

 

Taakferdieling binnen de skoallen wurdt hieltyd wichtiger en past binnen it yntegraal personielsbelied. Yn dat ramt ûntstiene de post-HBO opliedings foar takomstige middenmanagers.

 

De oplieding foar taalkoördinator is in sertifisearre oplieding dy’t troch in lannelike wurkgroep ûntwikkele is en troch ferskillende hegeskoallen op likernôch deselde wize oanbean wurdt. De oplieding is yn Fryslân ôfstimd op de meartalige sitewaasje en wurdt troch de beide hegeskoallen oanbean.

 

Taalsintrum Frysk partisipearret yn ‘e oplieding as deskundige ynstânsje op it mêd fan meartalich ûnderwiis. In learline Frysk as yntegraal ûnderdiel fan it Taalbeliedsplan is ûnmisber foar deechlik taalbelied. Taalkoördinators kinne foar fierdere begelieding op de eigen skoalle in berop dwaan op de ûnderwiisadviseurs fan Taalsintrum Frysk.

 

Troch subsydzje fan ‘e provinsje kin dizze begelieding fergees (gratis!) oanbean wurde.

 

taalbeliedsplan

 

Fryslân is in meartalige provinsje. De mearderheid fan ‘e wrâldbefolking groeit op, libbet en wurket yn in meartalige kontekst. Sa ûntwikkelje ek Fryske bern har yn in meartalige omjouwing. De Fryske taal funksjonearret yn dizze provinsje as twadde rykstaal njonken it Nederlânsk en guon streek- / buerttalen.

 

In meartalige begjinsitewaasje is in prima útgongspunt foar in brede taalûntwikkeling. Skoallen yn Fryslân kinne, folle mear as oant no ta, har foardiel dwaan mei dy meartalige start. It is dan wol saak om alle ynspannings op it mêd fan taalûnderwiis sa goed mooglik op elkoar ôf te stimmen. Optimale taalûntwikkeling freget om belied: TAALBELIED.

 

primer.jpg
Lees meer...
 

kearndoelen

 

Sûnt 1 augustus 2006 binne de nije kearndoelen foar it primêr ûnderwiis fan krêft. Foar it fak Frysk binne dy sa fêststeld:

 

Mondeling taalonderwijs

1. De leerlingen ontwikkelen een positieve attitude ten opzichte van het gebruik van het Fries door henzelf en anderen.

 

2. De leerlingen leren informatie te verwerven uit gesproken Fries. Het gaat om teksten die informatie, verstrooiing, meningen of aanwijzingen bevatten over voor hen bekende onderwerpen.

 

3. De leerlingen leren zich naar inhoud en vorm in het Fries uit te drukken in situaties uit hun dagelijks leven waarin zij informatie vragen of geven over een onderwerp waarmee zij vertrouwd zijn.

 

switsjfoarkant.jpg


Schriftelijk taalonderwijs

4. De leerlingen leren informatie te verwerven uit teksten in het Fries in frequent voorkomende teksttypen (zoals: folders, brochures, artikelen, webites, songteksten).

 

5. De leerlingen leren eenvoudige teksten te schrijven over alledaagse onderwerpen met het doel met anderen over die onderwerpen te communiceren.

 

 

Taalbeschouwing, waaronder strategieën

6. De leerlingen verwerven een woordenschat van zeer frequent gebruikte Friese woorden en strategieën voor het begrijpen van voor hen onbekende woorden.

 

 

learplan

 

Yn gearwurking mei de Stichting Leerplan Ontwikkeling (SLO) is in nij learplan foar it Frysk yn 't ûnderwiis skreaun. Dat barde op basis fan de nij formulearre kearndoelen en yn ôfstimming mei de 'Koördinaasje en Advys Groep (K.A.G.) foar it Frysk', dy't ûnder lieding stiet fan de Provinsje Fryslân.
It learplan is nei alle bassiskoallen yn Fryslân tastjoerd.

 

 

âlderjûnen foar basisskoallen

 

De meiwurkers fan Taalsintrum Frysk fersoargje âlderjûnen oer in ferskaat oan aspekten fan twa- en meartaligens. Allerhanne belangrike fragen komme op sa'n jûn oan de oarder.


Under oaren:
-Docht mear Frysk skea oan it Nederlânsk?
-Wat binne de foardielen fan meartaligens?
-Is trijetalichheid (Nederlânsk-Ingelsk-Frysk) goed foar jonge bern?
-Wat moat de skoalle dwaan om bettere taalresultaten yn groep 8 te heljen?
-Hoe sit it mei taalswakke bern en meartaligens?

De lingte fan de ynlieding hinget ôf fan de winsken fan de skoalle.
Kosten: gjin
Foar mear ynformaasje en ôfspraken: sjoch ûnder kopke 'Kontakt'.