Fuortset ûnderwiis

oer-us-s.jpg

begelieding

 

background_sjong2008_lyts.jpg

Taalsintrum Frysk hat in begeliedings- en ûntwikkeltaak foar it fak Frysk yn it Fuortset Underwiis. Boppedat makket Taalsintrum Frysk frysktalich/twatalich lesmateriaal dat brûkt wurde kin by oare fakken.

 

M.y.f. it skoallejier 2006-2007 is foar de fernijde ûnderbou de metoade Freemwurk beskikber. Dy metoade is skreaun troch de dosinten Ans Wallinga, Jitske Brünner, Yde Faas en Tsjerk Veenstra.

 

 

De tema's dy't yn de metoade oan 'e oarder komme, binne keppele oan de tema's yn it tydskrift LinKk en de LinKk-televyzjeútstjoerings.

 

It tydskrift LinKk hat in ferskaat oan artikels, ynterviews, foto's, popnijs en is útfierd yn fullcolour. By it tydskrift LinKk wurde twa ferwurkingskaterns oanbean: in taalkatern en in katern foar net-Frysktalige learlingen. LinKk hat ek in eigen webside. Fia www.LinKk.tv kinne de útstjoerings nochris besjoen wurde en kin it blêd digitaal lêzen wurde.

 

Fierder fersoarget Taalsintrum Frysk ferskate Frysktalige workshops en CKV-foarstellings (bygelyks yn it ramt fan in Fryske Dei). Ek organisearret TF de foardrachtswedstriid FeRstival en SjONG, it sjongfestival foar learlingen út it fuortset ûnderwiis.

 

 

 

De ûnderwiisadviseurs fuortset ûnderwiis binne:

 

Jelle Bangma

- koördinator Frysk yn 't fuortset ûnderwiis

- koördinator 'Meartalich Fuortset Underwiis'

Dit emailadres is beveiligd tegen spambots, u heeft javascript nodig om het te kunnen bekijken tel. 0880 200 300

 

linkk1_2009_lyts

 

Marrit de Schiffart

- einredakteur tydskrift LinKk

- organisatoaryske taken

- webredakteur/ -koördinator

Dit emailadres is beveiligd tegen spambots, u heeft javascript nodig om het te kunnen bekijken tel. 0880 200 300

 

 

-

 

 

 

 

 

 

-

mear oer tf yn it fuortset ûnderwiis:

 

→ tydskrift linkk
→ sjong
→ ferstival
→ frysk ckv-oanbod
→ meartalich fuortset ûnderwiis

→ freemwurk
→ digitaal faklokaal frysk
→ skoaltv fuortset ûnderwiis
→ skiednis.nl

- --
 
Freemwurk

komplete lesmetoade foar it frysk

Sûnt in pear jier is der in nije lesmetoade Frysk foar alle learjierren en nivo's yn it fuortset ûnderwiis: Freemwurk.

Freemwurk biedt de learling de mooglikheid om oan de hân fan autintike sitewaasjes syn mûnlinge en skriftlike taalfeardichheid op in heger nivo te bringen.

Alle learlingen binne fansels net gelyk. De talige eftergrûn ferskilt, de kognitive fermogens en ek it taalgefoel. Om’t learlingen mei Freemwurk benammen selsstannich leare, kin elke learling – Frysktalich of net – yn syn eigen tempo en op syn eigen nivo oan it wurk.

Freemwurk is in komplete lesmetoade dy’t bestiet út in tekstboek, in wurkboek, in dosintehantlieding en in cd mei materiaal om te beharkjen en te besjen. De boeken binne op 2 nivo's: vmbo en vmbo-t/havo/vwo.

Foar de boppebou en twadde faze binne moduleboeken beskikber.


Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de Afûk:

Dit emailadres is beveiligd tegen spambots, u heeft javascript nodig om het te kunnen bekijken of tel: 058-2343070.

In bestelkaart is hjir del te laden.

freemwurk_lyts.jpg
-