Freemwurk
komplete lesmetoade foar it frysk
|
|
|
|
|
|
|
Sûnt in pear jier is der in nije lesmetoade Frysk foar alle learjierren en nivo's yn it fuortset ûnderwiis: Freemwurk. Freemwurk biedt de learling de mooglikheid om oan de hân fan autintike sitewaasjes syn mûnlinge en skriftlike taalfeardichheid op in heger nivo te bringen. Alle learlingen binne fansels net gelyk. De talige eftergrûn ferskilt, de kognitive fermogens en ek it taalgefoel. Om’t learlingen mei Freemwurk benammen selsstannich leare, kin elke learling – Frysktalich of net – yn syn eigen tempo en op syn eigen nivo oan it wurk. Freemwurk is in komplete lesmetoade dy’t bestiet út in tekstboek, in wurkboek, in dosintehantlieding en in cd mei materiaal om te beharkjen en te besjen. De boeken binne op 2 nivo's: vmbo en vmbo-t/havo/vwo. Foar de boppebou en twadde faze binne moduleboeken beskikber. Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de Afûk:
Dit emailadres is beveiligd tegen spambots, u heeft javascript nodig om het te kunnen bekijken
of tel: 058-2343070. In bestelkaart is hjir del te laden.
|
|
 |
|
|
|
|
|
|
|
- |
|
|
|