|
|
|
|
|
|
|
|
FeRstival is de Fryske foardrachtswedstryd foar learlingen út it fuortset ûnderwiis. Taalsintrum Frysk organisearret it alle jierren yn novimber (foarrondes) en desimber (finale).
Doel fan FeRstival is om de jongerein yn kontakt komme te litten mei Fryske poëzy. By FeRstival giet it derom dat de dielnimmers in gedicht sa moai mooglik foardage. De dielnimmers wurde yndield yn trije kategoryen: Starters (klasse 1), Trochsetters (klasse 2 en 3) en Toppers (klasse 4 en MBU/HBU). In saakkundige sjuery rikt yn alle trije kategoryen in earste, twadde en tredde priis út. It tal dielnimmers per skoalle of ôfdieling fan in skoallemienskip moat foar alle kategoryen beheind wurde ta fiif dielnimmers.
Alle middelbere skoallen fan Fryslân krije yn septimber fia in brief berjocht oer FeRstival. Sy krije dan ek it boekje FeRsefariaasje. Dielnimmers dy't meidwaan wolle, kieze in gedicht út FeRsefariaasje. Mear ynformaasje: Jelle Bangma, Cedin/Taalsintrum Frysk, tel. 0880 200 300 of
Dit emailadres is beveiligd tegen spambots, u heeft javascript nodig om het te kunnen bekijken
.
|
|
|
|
|
|
|
|
|
|
|
|
|
|