|
Om 'e twa jier organisearret Taalsintrum Frysk yn gearwurking mei Omrop Fryslân it Sjongfestival foar Bern.
Learlingen út de heechste groepen fan it basisûnderwiis sjonge lieten dy’t skreaun binne troch professionele tekstdichters en komponisten. By it Sjongfestival giet it der fansels om wa’t it moaist sjonge kin, mar de sjuery sjocht ek nei hoe’t it liet op de planken set wurdt: dûns, beweging, oanklaaiïng, it hiele plaatsje krijt in beoardieling.
De foarrondes binne op ferskate plakken yn 'e provinsje. De finale is tradisjoneel yn skouboarch De Lawei yn Drachten. Yn 2012 is der wer in Sjongfestival foar Bern. Alle skoallen yn Fryslân krije hjir berjocht fan. Nim foar mear ynformaasje kontakt op mei:
Dit emailadres is beveiligd tegen spambots, u heeft javascript nodig om het te kunnen bekijken
Dit emailadres is beveiligd tegen spambots, u heeft javascript nodig om het te kunnen bekijken
Dit emailadres is beveiligd tegen spambots, u heeft javascript nodig om het te kunnen bekijken
|