|
berneboekesjuery
|
|
|
|
|
|
|
Yn Fryslân kinne bern sûnt 1992 meidwaan oan de Berneboekesjuery. Bern binne de sjueryleden en bepale sels wa ‘t de Berneboekesjuerypriis kriget. Alle jierren is de Berneboekesjuery wer oars. Alle kearen wer spannend. De skriuwer fan it winnende boek is altyd wakker wiis mei de priis, want dat betsjut dat de bern, de lêzers sels dus, dat ek it moaiste fûnen!
Taalsintrum Frysk is ien fan de organisatoaren fan dit lêspromoasje-evenemint, dat bern op oantreklike wize stimulearje wol ta it lêzen en beoardieljen fan Fryske boeken.
Oan it projekt Berneboekesjuery kinne bern fan 9 jier en âlder meidwaan. Yn de moannen jannewaris, febrewaris en maart kinne de bern út ferskate boeken sels in kar meitsje.
Foar mear ynformaasje:
Dit emailadres is beveiligd tegen spambots, u heeft javascript nodig om het te kunnen bekijken
|
|
 |
|
|
|
|
|
|
|
- |
|
|
|
|
|
fertel- en foarlêsfestival
|
|
|
|
|
Alle jierren wurdt yn ‘e perioade fan 1-15 juny it Frysk Fertel- en FoarlêsFestival (FFF) hâlden. Fan pjutteboartersplakken oant âldereinhuzen, yn bibleteken en op skoallen wurde dan ferhalen ferteld en wurdt foarlêzen út Fryske boeken. In prachtige gelegenheid om ek op skoalle wat ekstra omtinken te jaan oan ‘e Fryske taal.
Hichtepunt fan it Fertel- en FoarlêsFestival is de finale fan it Frysk Foarlêskampioenskip. Learlingen út groep 5-8 kinne allegearre meidwaan kin oan dat fantastyske lêspromoasje-projekt.
It moaiste is fansels om op skoalnivo earst in foarwedstriid te organisearjen en dan ien winner oan te melden foar de provinsjale wedstriid. Hat in skoalle al earder in foarlêzer útkeazen, bygelyks by de Nederlânske Voorleeswedstrijd, dan mei dy skoalkampioen ek sa oanmelden wurde foar de Fryske finale.
By in grut oantal oanmeldings komt der ek noch in provinsjale foarwedstriid. De kar út ’e boeken is frij. Fansels kin der oansletten wurde by de nominearre boeken fan ‘e berneboekesjuery. Dy boeken binne op ‘e webside fan It Fryske Berneboek te finen. It foar te lêzen fragmint mei maksimaal 4 minuten duorje.
Foar mear ynformaasje:
www.itfryskeberneboek.nl
|
|
|
|
|
|
|
|
|
|
|
|
|
|
|
|
|
|