âlderjûnen foar basisskoallen

 

De meiwurkers fan Taalsintrum Frysk fersoargje âlderjûnen oer in ferskaat oan aspekten fan twa- en meartaligens. Allerhanne belangrike fragen komme op sa'n jûn oan de oarder.


Under oaren:
-Docht mear Frysk skea oan it Nederlânsk?
-Wat binne de foardielen fan meartaligens?
-Is trijetalichheid (Nederlânsk-Ingelsk-Frysk) goed foar jonge bern?
-Wat moat de skoalle dwaan om bettere taalresultaten yn groep 8 te heljen?
-Hoe sit it mei taalswakke bern en meartaligens?

De lingte fan de ynlieding hinget ôf fan de winsken fan de skoalle.
Kosten: gjin
Foar mear ynformaasje en ôfspraken: sjoch ûnder kopke 'Kontakt'.