oer-us-s.jpg Taalsintrum Frysk

studiof_logo_lyts.jpg
Taalsintrum Frysk (TF) is in ôfdieling fan Cedin, in bedriuw foar edukative tsjinstferliening yn Noard-Nederlân.
TF wol learkrêften of teams fan skoallen foar primêr en fuortset ûnderwiis begeliede by it ûntwikkeljen, ymplemintearjenen en útfieren fan meartalich taalbelied mei in lykweardige posysje fan de Fryske taal.

Mear oer ús >

It lêste nijs

Út de blêden


Linda Ouwerkerk wint Lyts Frysk diktee

 


Linkk 5: Trends

 

fryskwurdboek

Linda Ouwerkerk, learlinge fan De Tsjelke út Holwert, hat it Lyts Frysk diktee wûn. Linda hie mar fiif flaters yn har diktee. It twadde plak, mei 5,25 flaters, gong nei Lammert Westerdijk fan de Master Frankeskoalle út Earnewâld. Jurre van Meerlo wûn de tredde priis mei 6,25 flaters. Hy sit op De Frissel yn Feanwâlden.

 

De sinnen út it Lyts Frysk diktee kamen út it berneboek Renske wol stoer wêze fan Paul van Dijk. De skriuwer lies it diktee ek foar. Yn totaal hawwe 50 skoallen meidien oan it diktee. Fyftjin dêrfan berikten de finale mei 37 learlingen.    

 

linkk5

LinKk 5 fan dit skoaljier hat as tema 'Trends'. Wylst ik dit skriuw, is maitiid trending topic op Twitter. Hoe sit dat eins, kinne wy as 'deagewoane boargers' ek trending wurde? Dat probearje wy út! It resultaat lêst op side 18. It fuotbal hat ek syn eigen trends. Hokker? Dat stiet yn it artikel op side 4 en 5. Fraachje: pimpsto dyn klean wolris? Dwaan hear, want dat is hielendal hip! Hoe dat moat? Tsjek de tips op side 6 en 7.

 

Hast fragen of leuke ûnderwerpen foar LinKk? Mail se nei Dit emailadres is beveiligd tegen spambots, u heeft javascript nodig om het te kunnen bekijken .

 

 

Lês fierder >

Sjoch ek op: www.linkk.tv

x

 

 

Gedichten frege foar 70ste FeRstival

 

 

TSJEK 4 2011-2012

 

 

Dichtposters

FeRstival bestiet 70 jier! Wolle jo dit feest mei ús meifiere troch in eigen gedicht yn te tsjinjen? Dat kin! As jo gedicht geskikt achte wurdt, dan komt it yn it boekje FeRsefariaasje. De dielnimmers kieze har foar te dragen gedicht út FeRsefariaasje. 

 

Der binne trije doelgroepen:

Starters (1e klasse, 12/13 jier), Trochsetters (2e en 3e klasse, 14/15 jier) en Toppers (4de klassers, MBO'ers en HBO'ers, 16 jier en âlder).

 

De fergoeding is € 75 as de kommisje in fers útkiest. Dy kar sil dien wurde troch Gerda van der Wijk, Tsjerk Veenstra en Douwe Kootstra. 

 

Ha jo fragen of wolle jo mear ynformaasje? Mail mei Jelle Bangma, Dit emailadres is beveiligd tegen spambots, u heeft javascript nodig om het te kunnen bekijken .

 

Tsjek 5

It maart/april-nûmer fan TSJEK is út! Tsjek 'm mar gau, want der steane wer leuke artikels yn. Witsto wat op it stuit de populêrste famkes- en jongesnammen binne? Nee? Lês dan it artikel op side 3, want dêrnei witst it wol. Bisten hawwe allerhanne handige trúkjes om harsels te ferdigenjen. Hokker, dat lêst op de LinKke Side fan TSJEK. Groep 7 en 8 fan De Fontein út Bûtenpost hienen in wol hiel bysûnder projekt op skoalle. Se joegen 'webles' oan harren pakes en beppes. Harstikke handich, want no kinne se maile mei har pake en beppe! Dizze en noch oare leuke artikels fynst yn de nije TSJEK. 

 

Witsto oare leuke ûnderwerpen foar TSJEK? Mail nei Dit emailadres is beveiligd tegen spambots, u heeft javascript nodig om het te kunnen bekijken

 

Lês fierder >

Mear oer it blêd TSJEK >

 

 

Meartalich ûnderwiis

Nij lesmateriaal

 

 

Gevraagd: Native Speakers (m/v)

 

 

 

Krantsje by Tsjek TV: Tsjeknijs

 

 

3ts_lyts.jpg

Bij Cedin/Taalsintrum Frysk ontstaat een vacature voor enthousiaste

 

NATIVE SPEAKERS (m/v)

voor het project de Trijetalige Skoalle in Fryslân

 

•voor één of meerdere dagdelen per week
•voor bepaalde tijd

 

Lees verder >

 

Klik hjir foar mear ynformaasje oer de Trijetalige Skoalle

 

 

 

Mei yngong fan wike 38 ferskynt alle wiken TSJEKNIJS, in krantsje dat heart by it televyzjeprogramma Tsjek TV fan Omrop Fryslân. TSJEKNIJS (fjouwer siden) is in soart fan ferwurking by de tv-útstjoering en bedoeld foar de boppebou fan de basisskoalle. Sintraal stiet it begripend (Frysk) lêzen. Alle kearen kinne de bern op side 1 en 2 fragen beäntwurdzje by in koarte tekst oer in aktueel ûnderwerp. De fragen binne keppele oan de lêsstrategyen. Op de oare siden steane aktuele nijtsjes. Alles is royaal fersjoen fan foto’s.


TSJEKNIJS is bedoeld as ekstra materiaal foar Fryske deidielen. Alle skoallen kinne TSJEKNIJS wykliks tastjoerd krije. Om’t Tsjeknijs in pilot is, binne der ynearsten gjin kosten oan ferbûn. Belangstelling? Mail dan nei Dit emailadres is beveiligd tegen spambots, u heeft javascript nodig om het te kunnen bekijken